lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu lik op stik – ferbean

Loading...

translations:

original

it wie al let dy nachts
of wie’t al moarns betiid
dat ik op myn widdowfyts fan de kroeg nei hûs ta ried
yn ienen fielde ik heege druk en stapte hastich of
en sei tsjin in beam, ik lou dat ik dei wat wetter jou
en wylst ik wie ferromme en wakker entoesjast
de namme fan myn leafste gietere tsjin in yken bast
stiene der yn iene trije petten njonken my
de iene seach ik dûbbel wylst de oare tjsin my sei
wat zijn wij aan het doen meneer
ik geloof er gebeurt hier iets in het openbaar
dat moet worden bekeurd
ons beleid is lik op stuk
voor wild pl-sserij krijgt u vijftig euro boete
en maak verder geen stampei
stampei?
stampei?
ik seiiiiiii
‘t hat in fermogen koste al dat bier yn myn blaas
en no foar ‘t leegjen wér betelje? man, doch net sa dwaas!
‘k moat pisje as ik pisje moat, dat hat ús mem my leard.
yn myn broek dêr sit in rits en dy sit der net foar neat.
as lystse poppe spuite ik al de baakster oer de jurk
wie trije toen miemelde ik yn de klompen van us durk
mei in ier of seis stie ik al yn’t rom op’t strân
kastielen plat te miegen dy’t ik makke hie van sân
ik die’t yn heites fietstas, yn de drinkbak van ús knyn
ik miegde troch de brievebus fan ús buorfrou tryn
ikke as old shatterhand en myn frountsje winnetou,
dyne it tsjin it geitehok wa’t it heegste pisje koe.
‘t hat in fermogen koste al dat bier yn myn blaas
en no foar ‘t leegjen wér betelje? man, doch net sa dwaas!
‘k moat pisje as ik pisje moat, dat hat ús mem my leard.
yn myn broek dêr sit in rits en dy sit der net foar neat.
bin opbrocht yn in vrij lân dat ik pisje der’t ik wol
dat ge eamel en geskiet van jimme der ha’k de broek fan fol
as jim de ronde maitsje en jimme moatte it wetter kwyt
dan sykje jimme ek in berm op, doch net sa hypokriet
stean net sa te seiken en maitsje net sa’n show
hie der dat mar net sein, hij moest mei nei’t plysje buro,
…mei nei’t plysje buro
trije moane letter, in taak straf hat er krygen
de rjochtsaak ha’k net wûn
trije wyken húskes himmelje fan it treinstasjon
tochst do dat ik nei dy straf leering der ut lûk?
der nei pisje ik fan de kroeg nei hûs echt net yn’e broek
‘t hat in fermogen koste al dat bier yn myn blaas
en no foar ‘t leegjen wér betelje? man, doch net sa dwaas!
‘k moat pisje as ik pisje moat, dat hat ús mem my leard.
yn myn broek dêr sit in rits en dy sit der net foar neat.
‘t hat in fermogen koste al dat bier yn myn blaas
en no foar ‘t leegjen wér betelje? man, doch net sa dwaas!
‘k moat pisje as ik pisje moat, dat hat ús mem my leard.
yn myn broek dêr sit in rits en dy sit der net foar neat.

lirik lagu lainnya :

YANG LAGI NGE-TRENDS...

Loading...