
ferbline, ferballe - baldrs draumar lyrics
as kaïn bin syn bruorren, fûleindich op him tsjin
wriggen yn har dieden mar minsken yn skyn
de fingers tefrissele, de hannen hat hy gear
wylst knyften op him ynstekke bid hy ta syn hear
salve, regina, mater misericordiae
vita, dulcedo, et spes nostra, salve
ferbline, ferballe
ljochtleaze leechten
ferbline, ferballe
gapjend yn ‘e kop
ferbline, fеrballe
oars neat as it tsjuster
fеrbline, ferballe
gjin tonge foar in rop
jo sille gjin ferkearde tsjûgenis tsjin jo neiste sprekke
as tsjinner fan it wurd mochten jo dizze eed nea brekke
it iene w*ng ha wy takeard en it oare w*ng lyksa
no ropt ús god om bloed en bloed sil hy ha
de sûnde is oer him, hy naam in wiif ta frou
itend fan de apel wie hy syn folk ûntrou
it yngewant útpuoljend út in bluodderige sneed
eachleas en tongleas hâld it folk paus leo beet
ferbline, ferballe, fergromme en fergrúze
salve, regina, mater misericordiae
vita, dulcedo, et spes nostra, salve
Random Song Lyrics :
- all that matters - baby phace lyrics
- let you down easy - leidi lyrics
- vale - bicep lyrics
- ptolemy - diggy-mo' lyrics
- män - total egon lyrics
- más bien menos mal - g.i.t. lyrics
- contrareloj - aurum lyrics
- don't ever say goodbye - rick derringer lyrics
- enormous - ty major lyrics
- no order - куртки кобейна (kkband) lyrics