
oanspield - liereliet lyrics
dat se elkoaren fûnen wie in wûnder
oanspield op iensum strân by hege see
ferriisden s’út it skom, gyngen wer ûnder
dat se elkoaren fûnen wie in wûnder
wiene it wettergoaden of goadinnen
of drinkeldeaden sûnder siel en sinnen
dat se elkoaren fûnen wie in wûnder
oanspield op iensum strân by hеge see
dy nacht songen der sangеn oer de weagen
ferwaaiden lieten oer it wiete sân
it sâlte wetter spatte yn mûle en eagen
dy nacht songen der sangen oer de weagen
en op it strân ûntweitsjend út ‘e dreamen
moeten se elkoarren oan’e wetterseame
dy nacht songen der sangen oer de weagen
ferwaaiden lieten oer it wiete sân
wêzens omtrit gelyk yn taal en tinken
flústerjend wurden dy’t gjin oar ferstie
doe seagen s’oan de kym it deiljocht blinken
wêzens omtrit gelyk yn taal en tinken
en sa’t se oanspield wiene fan it wetter
ferdwûnen se noch gjin sekonde letter
wêzens omtrit gelyk yn taal en tinken
flústerjend wurden dy’t gjin oar ferstie
Random Song Lyrics :
- back nd forth - cldsummer lyrics
- wacko - sinisterb lyrics
- good vibes - guerrita & ciclo lyrics
- supra - ykmnace lyrics
- cnt remembr tvt - xnti lyrics
- been that - keyaunu lyrics
- bound to rise - chris brain lyrics
- look at me - joseph arthur lyrics
- ridículo - juana rozas lyrics
- conversation with a gun - johnny bond lyrics