
fugelfrij - twarres lyrics
Loading...
do sjochst eltse dei omheech
wolst sa graach mei alle fûgels mei
do hearst stimmen út ‘e steech
mar se sizze net watst heare wolst
want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei
út ‘e stêd en mei de fûgels mei
as hy sliept is hy d’r wer
yn syn dreamen nimt de wyn him mei
sjocht hy al syn freonen wer
as hy hjir is is hy fûgelfrij
do fongst de fisken út ‘e sleat
we makken fjoer do seachst dyn eagen út
fjouwer oeren seidest neat
ik wol hjir bliuwe seidest ta beslút
want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei
út ‘e stêd en mei de fûgels mei
as hy sliept is hy d’r wer
yn syn dreamen nimt de wyn him mei
sjocht hy al syn freonen wer
as hy hjir is is hy fûgelfrij
Random Song Lyrics :
- l'estasi - psycho kinder lyrics
- найти [to find] - blockvoice lyrics
- dime - ashleyqueen lyrics
- slow-mo - chewy lyrics
- victory lap freestyle - bt ahzure lyrics
- i beg of you (alt. take 5) - elvis presley lyrics
- ranz - mucho (artist) lyrics
- phantom - aeik universal records lyrics
- dolla bills - vten feat. young lama lyrics
- chill session - lil max 36 lyrics