lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu beppekelder – liereliet

Loading...

[verse 1]
tink it dy ris yn
dêr stiek in fûle wyn de kop op út it westen
de seine heech, de bemanning krijt it dreech
hark! it krakken fan de mêsten
tink it dy ris yn
it túch dat waaide fan, de weagen oppermachtich
rôlen oer it dek, de skipper rôp: “ferrek!
’t wurdt mienens allemachtich!”

[pre*chorus 1]
it skip leit op ten ear en kear op kear
wurde lûken swier teroppe
in mêst komt del, de skipper krijtte fel:
“jim dêr, jim allegear kom boppe!”

[chorus]
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
ja sa wiene wy ûnderweis, nei den helder ging de reis
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
en ús skip en ús skip en ús skip

[post*chorus]
us skip nei beppekelder
(us skip nei beppekelder)
us skip nei beppekelder
(us skip nei beppekelder)
us skip nei beppekelder
[verse 2]
oan spuonnen slacht it roer, de loft spat fjoer
it rom stiet healfol wetter
it seefolk ropt en raast en gûlt ferdwaasd:
“jow drank, it fersûpen giet dan better!”
dêr klinkt in flok, elts nimt in lêste slok
driuwt ûnbekwaam op ’t wetter
in man mei burd, hy seit in lêste wurd:
“farwol dan mar oant letter!”

[pre*chorus 2]
in flesse driuwt en mei de weagen kliuwt
hy stadichoan op lân yn
wat wurde skreaun, haastig an’e flesse treaun
mar hoopje, mar hoopje dat in freon ’t fynt

[chorus]
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
ja sa wiene wy ûnderweis, nei den helder ging de reis
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
en ús skip en ús skip en ús skip

[post*chorus]
us skip nei beppekelder
(us skip nei beppekelder)
us skip nei beppekelder
(us skip nei beppekelder)
us skip nei beppekelder
[ending]
ja sa wiene wy ûnderweis, nei den helder ging de reis
en wy foeren nei den helder en ús skip en ús skip
en ús skip en ús skip en ús skip

lirik lagu lainnya :

YANG LAGI NGE-TRENDS...

Loading...