lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu hingjend yn ‘e line – liereliet

Loading...

berne oan board, bûn oan it skip
hingjend yn ‘e line
mei honger yn ‘t liif, gjin jild yn ‘e knip
hingjend yn ‘e line
seis kante meter, in roefke is near
de takomst leit fêst, de takomst is klear
farre mei stront, lyk yn ‘e wyn
hingjend yn ‘e line

iis yn ‘e feart, it skip oan ‘e kaai
hingjend yn ‘e line
oan ‘t wurk foar in baas, wachtsjend op tei
hingjend yn ‘e line
yn ‘e winter ‘t fabryk, yn ‘e simmer de line
op ‘e beurs in toer in frachtsje te finen
farre mei stront, lyk yn ‘e wyn
hingjend yn ‘e line

foar de skipper fan doe in skeamel bestean
hingjend yn ‘e line
in bealich fol wurk, in suterich lean
hingjend yn ‘e line
de fracht is feroare foar de skipper fan hjoed
en hij hat ek mear as it skip op ‘e noed
farre mei stront, lyk yn ‘e wyn
hingjend yn ‘e line
in skip ûnder seil is net achterh*lle
hingjend yn ‘e line
foar oalje wurdt al tefolle betelle
hingjend yn ‘e line
net inkeld yn jild mar ek oan natoer
wynenerzjy is skjin en net djoer
farre mei stront, lyk yn ‘e wyn
hingjend yn ‘e line

de kop yn ‘e wyn, foar guon is ‘t in driuwen
hingjend yn ‘e line
om hieltiid mar oan yn ‘e silen te bliuwen
hingjend yn ‘e line
se hingje yn ‘e line, rjochtút sûnder rêst
der is gjin werom, de koers dy leit fêst
farre mei stront, lyk yn ‘e wyn
hingjend yn ‘e line

lirik lagu lainnya :

YANG LAGI NGE-TRENDS...

Loading...