lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu souvenirferkeaper – liereliet

Loading...

[chorus]
syn skippen hawwe neat te lijnen
fan’e efterútgang yn’e wrâld
hy kriget elke klant oan’t farren
fan earm oant ryk, fan jong oant âlt

hy hat skippen fan klompen, koark en stien
fan núnders, plestik en fan bien
fan klaai en glês en hout
fan blik, fan koper, fan sulver en goud

syn skippen farre by min en poerbêst waar
hja farre mei skimerlampen en flessewippers
mei herzlichen grüßen en au revoir
syn skippen farre mei lúsjefersprikken en till next year
hja farre mei oeral thús, mar thús it bêste
mei groeten uit grouw en uit domwier
mei folle lok en tige tank
mei fryske dúmkes en in fles fol drank
mei mêsten yn ereksje, groetenis fan’e direksje
mei mêsten plat, groetenis fan god

op in dei reitsje fan syn skippen alle touwen yn’e tiis
hja dogge yn’e útferkeap noch minder as de heale priis

hy lit syn skip mei jild te witter
en sylt op’e balstiennen te pletter

lirik lagu lainnya :

YANG LAGI NGE-TRENDS...

Loading...